Dizzen krije by donaasje?

Dizzen krije by donaasje?

Wy wolle minsken net mei ús ferbine troch automatyske ynkasso, dat jout ús net in noflik gefoel om’t wy dan eltse moanne ynkassearje moatte en júst dat ynkassearje wolle wy net. Wy hawwe leaver dat minsken sels op gefoel donearje.

Fansels binne wy dy tige tankber foar it krijen fan in donaasje en dêrom krijstû der ek hwat by:

By in donaasje fanôf 15,- krijstû it "Wês Unyk, Brûk Frysk" T-shirt derby.

Dochstû in donaasje fanôf 50,- dan krijstû fan ús in Fryske flagge, de kreaze “Wês Unyk, Brûk Frysk” T-shirt en ek noch in stikkerfel mei bjusterbaarlike stikkers. Dizze flagge is iensidich en kinst sa oan de muorre hingje.

Wichtich: By in donaasje kinstû alfêst ûnderoan oanjaan hwat foar grutte shirt datst haw wolst en wy sille ek echt in plak, strjitte en postkoade nedich hawwe. (wy stjoere dy in mail ast it forgetten bist)

Dû wolst fansels ek witte hwat der mei dyn jild bard. Op it foarste plak wolle wy dy der op wize dat gjin inkele sint by ús yn ‘e bûse komt. As twadde wolle wy dy ferwize nei ús side mei de projekten: https://www.defryskewrald.frl/projekten/

Leave a Reply

Your email address will not be published. Required fields are marked *

Facebook
Instagram