In lid fan ús organisaasje neame wy in Frysk Foarbyld (FF). Dat hat hielendal neat te krijen mei hoe geef dyn Frysk is. Wy sjogge nei dy as persoan. Om dêr dúdlikheid oer te krijen hawwe wy in fragenlist makke. Oan de hân fan de fragenlist geane wy sjen oft wy dy beneame wolle as Frysk Foarbyld
Wichtich: Leden fan De Frysk Wrâld hoege neat te beteljen.
Wêrom dogge wy dit as organisaasje?
– Om’t wy allinnich echte Friezen haw wolle.
Hwat kinstû no as Frysk Foarbyld?
- In Frysk Foarbyld kin op it Fryske Foarum komme
- In Frysk Foarbyld krijt in Fryske Wrâld Pas mei in koade
- In Frysk Foarbyld hat mei dizze pas tagong nei De Fryske Wrâld
- In Frysk Foarbyld mei artikels en oare dingen ynstjoere.
- In Frysk Foarbyld krijt in eigen Fryske Wrâld E-mail adres
In Frysk Foarbyld krijt in nijsbrief eltse moanne
Dizze fragenlist is noch net beschikber om’t wy op it stuit dwaande binne mei de online ynrjochting foar in Frysk Foarbyld
Wolstû graach op ‘e hichte holden wurde? Dan kinst ús in mail stjoere nei ynfo@defryskewrald.frl en litte wy it dy witte as dizze funksje beschikber is.