Fryske Wrâld / Friese Wereld

Fryske Wrâld / Friese Wereld

De Fryske Wrâld is in Fryske organisaasje (stifting) dy’t fansels foar Fryslân mei alles hwat dêr by opkomt. En dû silst wol tinke fan dus, der binne al safolle dy dat dogge? Wêrom is dizze Fryske organisaasje/stifting no oarser?

Dizze organisaasje is begûn mei https://www.learnfrisian.com/. Dêrtroch kamen wy der al gau efter dat in soad Fryske organisaasjes, hokker foar de Fryske striid fjochtsje, net foar de Fryske striid fjochtsje. Mar mear foar harren eigen ego of foar it jild. As it om ego en jild giet, is it ek net sa nuver dat wy dizze striid noch hawwe.

Hwat hawwe wy as Fryske Wrâld no bedein?
Wêr steane wy as De Fryske Wrâld foar? Wêr leit de fokus op?

Herstel fan:
– Fryske Identiteit
– Fryske Skiednis
– Fryske Taal

Hoe dogge wy dat?
Troch it meitsjen fan in protte kontent, lykas dokumintêres, games, telefyzje en noch in protte mear. Ien fan de dingen dy’t wy al hielendal wichtich fine is dat ús bjusterbaarlike taal forgees (gratis) leard wurde kin. Dêrom hawwe wy https://www.learnfrisian.com/ oprjochte. Foar mear ynformaasje soest boppeoan op it kopke “Projekten” drukke kinne.

Njonken dat sille der fansels ek (goed oer neitochte) akjes holden wurde mei it each op in protte resultaat.

Dizze organisaasje is nij mei in grut takomstbyld fan Fryslân.

In het Nederlands: De Friese Wereld

De Friese Wereld een Friese organisatie (stichting) die natuurlijk voor Friesland met alles daar omheen staat. En jij zult wel denken van dus, er zijn al zoveel die dat doen? Waarom is deze Friese organisatie/stichting nu anders?

Deze organisatie is begonnen met https://www.learnfrisian.com/. Daardoor kwamen wij er al snel achter dat veel Friese organisaties, welke voor de Friese strijd vechten, niet voor de Friese strijd vechten. Maar meer voor hun eigen ego of voor het geld. Als het om ego en geld gaat, is het ook niet zo raar dat wij deze strijd nog hebben.

Wat doen wij als Fryske Wrâld?
Waar staan wij als De Fryske Wrâld voor? Waar ligt de focus op?

Herstel van:
– Friese Identiteit
– Friese Geschiedenis
– Friese Taal

Hoe doen wij dat?
Door het maken van veel content, zoals documentaires, games, televisie en nog veel meer. Éen van de dingen die wij al helemaal belangrijk vinden is dat onze prachtige taal gratis leert kan worden. Daarom hebben wij https://www.learnfrisian.com/ opgericht. Voor meer informatie zou je bovenaan op het kopje “Projekten” kunnen drukken.

Naast dit zullen er natuurlijk ook (goed over nagedachte) acites gehouden worden met het oog op veel resultaat.

Deze organisatie is nieuw met een groot toekomstbeeld voor Friesland.


Leave a Reply

Your email address will not be published. Required fields are marked *

Facebook
Instagram