Oer De Fryske Wrâld

Dizze organisaasje hat as doel om it Frysk, mar ek Fryslân nei de wrâld te heljen. Wy binne fan miening dat it Frysk net genôch omtinken kriget, dat kin fansels net. Frysk wêze bist net samar troch mar te wenjen yn Fryslân. Derom binne wy fan miening dat Frysk wêze in manier fan libjen is, mei de grutste eigenskip: Frijheid. Friezen wolle frij wêze.

De Fryske Wrâld is in Fryske organisaasje (stifting) dy’t fansels foar Fryslân mei alles hwat dêr by opkomt. En dû silst wol tinke fan dus, der binne al safolle dy dat dogge? Wêrom is dizze Fryske organisaasje/stifting no oarser?

Dizze organisaasje is begûn mei https://www.learnfrisian.com/. Dêrtroch kamen wy der al gau efter dat in soad Fryske organisaasjes, hokker foar de Fryske striid fjochtsje, net foar de Fryske striid fjochtsje. Mar mear foar harren eigen ego of foar it jild. As it om ego en jild giet, is it ek net sa nuver dat wy dizze striid noch hawwe.

Hwat hawwe wy as Fryske Wrâld no bedein?
Wêr steane wy as De Fryske Wrâld foar? Wêr leit de fokus op?

Werstel fan:
– Fryske Identiteit
– Fryske Skiednis
– Fryske Taal

Hoe dogge wy dat?
Troch it meitsjen fan in protte kontent, lykas dokumintêres, games, telefyzje en noch in protte mear. Ien fan de dingen dy’t wy al hielendal wichtich fine is dat ús bjusterbaarlike taal forgees (gratis) berikber is. Dêrom hawwe wy https://www.learnfrisian.com/ oprjochte. Foar mear ynformaasje soest boppeoan op it kopke “Projekten” drukke kinne.

Njonken dat sille der fansels ek (goed oer neitochte) akjes holden wurde mei it each op in protte resultaat.

Dizze organisaasje is nij mei in grut takomstbyld fan Fryslân.

Kontakt: ynfo@defryskewrald.frl