Frysk wêze

Neffens de skiednis en ús, de Fryske Wrâld, is in echte Fries it folgjende:

Der wurdt wol gauris frege hwat no krekt in Fries is, eins seit de namme it al. It komt fan it frij wêze. De Friezen binne troch de gânze skiednis ûnderdrukt troch in oar folk, mar altyd kamen sy wer frij. Mar hwat hat frij wêze no eins betsjut yn dy tiid? De Friezen fan dy tiid hiene harren eigen miening, sy seine wer it op stie. Sy tochten foar harsels (net oan harsels), sy knibbele foar gjinien. Sy hiene genôch wolskrêft en selsfertrouwen om harself te rêdden. Sy kamen op foar har eigen rjochten, sy koene dwaan hwat sy dwaan woene. Gjinien koe in Fries sizze hwat hy of sy dwaan moast. Sy hiene gjin regels nedich, allinnich in koade, wearde en noarmen.

De frijheid dy sy hiene makke in krêftich persoan, sûnder eangst, tocht fierder as de measte minsken, net oan de takomst, ferline, mar oan it no. De frijheid joech de Friezen ferantwurdlikheid, tinzen dy’t tige fier kamen, seagen gjin gefaar, problemen en dêrtroch nochter. De ferantwurdlikheid, de frijheid, it hawwe fan gjin eangst liet de Friezen tige goed ûntwikkelje. In folk wer de measten folken benaud foar wiene, mar ek in gefaar. De Friezen wiene in foarbyld foar de wrâld, in goed foarbyld en dat koe en kin fansels net. Mei harren blonde hierren en blauwe eagen waard it folk as in grutsk, mar ek in bysûnder folk sjoen.

Steksgewiis de omskriuwing fan in Fries;

–          Grutsk
–          Iepen tinkend, wiid tinkend, grut tinkend
–          Posityf tinkend
–          Selsfertrouwen
–          Krêftich en ek wol rûch yn wurden (koart, mar krêftich)
–          Frij wêze en tinke
–          Ferantwurdlik(heidsgefoel)
–          Wolskrêft
–          In protte minsken kennis yn kombinaasje mei wrâldkennis (it kinnen fan in protte talen)
–          Nochter
–          Witte hwat er wol
–          Syn neiste helpe     
–          Ynlibbingsfermogen
–          Sûn yn ‘e holle en it liif
–          Libjen mei in koade, wearden en noarmen
–          Earlik
–          Betrouber
–          In Fries docht hwat hy seit hwat hy dwaan soe

Facebook
Instagram