Projekten fan De Fryske Wrâld

Wêr binne wy ús mei dwaande?

Hjirûnder sille wy earst allinnich de grutte projekten neame.

LearnFrisian
Mei al mear as tûzend gebrûkers giet LearnFrisian as in spear. It programma hat op it stuit ús Frysk yn it Ingelsk en Hollânsk, Sealterfrysk yn it Dútsk en Frysk en as in stikje goud hawwe der ek noch âld-frysk by yn it Ingelsk. Der wurdt noch hurd wurke oan de webside, sa stiet der ek kontent foar Söl’ring (Noard-Frysk) klear.

Fryske Dokumintêre
Dit wurdt fansels gjin drege bende, yn de dokumintêre wurdt alles op it mêd fan Frysk iepen lutsen.

Fryske krante
Ja, hjirre wurkje wy ek oan, hooplik kinne wy ynkoarten gau hwat fuort jaan oer de ynhâld en opset.

In Fryske Game
Nijsgjirrich, net? Hjir wurdt hurd oan wurke en begjint al in kreaze foarm te krijen.

Fryske Telefyzje
It stiet op ús aginda, mar wy binne der noch net oan ta.