Talk Frisian To Me

In tiid lyn binne wy in bytsje begûn mei dizze kampanje, mei as doel foar mear “exposure” foar it Frysk oer de gânze wrâld.

Hwat foar idee sit hjir efter?
As Fries sille oare Friezen flugger Frysk tsjin dy prate sûnt in soad Friezen tsjintwurdich yn it Hollânsk begjinne, hwat begripelik is.

Foar minsken bûten Nederlân, lykas Amearika of Dútslân is it Frysk minder bekend. Troch it shirt sille minsken harren flugger ôffreegje hwat no “Frisian” is en kinne hjirtroch nijsgjirrich wurde, foaral as de persoan hiel goed útleit hwat ús bjusterbaarlike taal is. Dû silst de ynstek no wierskynlik wol begripe.

Wêr kin ik no sa’n shirt krije?
It leafste joegen wy dy shirts forgees (gratis) fuort, mar dat giet spitigernoch net. De Shirts kinne op de ynternasjonale ferzje fan ús organisaasje koft wurde. Om dêr hinne te gean kinst op de knop drukke:

Hjir noch in pear foto’s fan striders dy’t al ien hawwe. Op it stuit datstû in shirt keapest meistû ek sa’n foto meitsje en nei ús opstjoere fia: ynfo@defryskewrald.frl

It Russyske Famke Regina
It Turkse Famke Irem
It Fryske Famke Nienke
It Fryske Famke Hiske
Facebook
Instagram