In legindaryske flagge

In legindaryske flagge

Ea heart fan de “Magnus flagge”?

De mythe seit dat der ea in flagge (findel) wie mei wûnderberlike krêften. Dizze koe tonger en stoarm tsjin gean, mar ek hold it lilke geasten fuort, it bruts betsjoeningen en makke de eigener ûnoerwinlik. Dizze flagge wie it symbool foar de Fryske frijheid. Sy sizze dat de flagge út Lyts-Azië (in part fan Turkije) kaam, fan de soan fan Noach, Sem. De flagge wie yn hannen fan Friso, de man wêr’t ek fan sein wurdt dat dêr alles begûn foar de Friezen.

De ferhalen sizze dat de flagge bewarre waard yn de timpel fan Tanfana. Nei dat Friso stoarn wie, is de flagge begroeven om te foarkommen dat de heidense kening fan Denemarken him fine soe. Mar hwat barde der no? De Friezen koene de flagge net mear werom fine. Dêr soene sân rjochters west hawwe dy’t wisten wêr de flagge begroeven wie.

Doe’t de hillige Willibrord nei Fryslân gien wie (rûn 658-739), kryg hy in dream. Yn syn dream ferskine in ingel, dizze ingel sei wêr’t de flagge begroeven wie. It wie by de Eems (grutte rivier). De flagge kaam wûnder boppe wûnder hiel de grûn út. Willibrord hat dêrnei de flagge oan Magnus Porteman jûn. Letter is dizze man úteinlik yn in striid mei de Sarakenen dea gien. De flagge waard wer begroeven.

Oant hjoeddedei hat gjinien de flagge wer sjoen… der binne in protte geroften oer de lokaasje fan dit bysûndere foarwerp…

Wy as organisaasje hawwe de bots pakt en binne begûn mei graven.

Leave a Reply

Your email address will not be published. Required fields are marked *

Facebook
Instagram